jou my in wurd
om mysels te hearren
jou my in rigel
om mysels te finen
jou my in fers om mysels te wêzen

wa bin ik oars as
de wurden yn myn holle
wa bin ik oars as
de lûden út myn mûle
wa bin ik oars as
it fers op dizze side

nim dy in wurd
om mei te boartsjen
nim dy in rigel
om nei út te sjen
nim dy in fers
om de wrâld te jaan